Skrik oer apotekers-petearen

15 aug 2014 - 16:41

Soarchbelang Fryslân is skrokken fan it feit dat apotekers jild freegje foar petearen dy't se yn werklikheid faak net hâlde. It giet om útjeftepetearen dêr't de wurking fan nije medisinen yn útlein wurdt. Ut ûndersyk fan de Consumentenbond docht bliken dat in soad apotekers dizze petearen net goed fiere of hielendal net hâlde.

De Fryske Apotekersferiening begrypt de frustraasje fan pasjinten. Nei alle gedachten gean de petearen net altyd goed troch de wurkdruk fan de apotekers, sa seit wurdfierder Jouke de Jong.

In saneamd earste-útjeftepetear is belangryk foar pasjinten dy't nije medisinen krije. Sa witte se bygelyks wat foar bywurkings de medisinen hawwe kinne. De Fryske Apotekersferiening leit út dat der ek allegear oare kosten yn sa'n earste-útjeftepetear ferwurke wêze kinne, dy't foar de pasjint net sichtber binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)