Belestingfrij skinke ferdwynt

15 aug 2014 - 16:18

It is skande en te betiid dat it kabinet de regeling foar in belestingfrije skinking foar in hûs no al wer ôfskaft. Dat seit Albrecht Kok, foarsitter fan makelersferiening NVM yn Fryslân. De maatregel dy't rint oant 1 jannewaris 2015 jout âlden de mooglikheid om harren bern in ton te skinken foar de oanskaf of ôflossing fan in hûs.

De regeling is bedoeld om de wenningmerk te stimulearjen en is foar in soad minsken in steun yn de rêch om te keapjen. De NVM hie frege om de regeling te ferlingen. Mar freed waard besletten om dat net te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)