Nijpels as kroanlid yn de SER

15 aug 2014 - 15:22
  • Ed Nijpels

Ald-kommissaris fan de kening yn Fryslân Ed Nijpels is beneamd ta kroanlid fan de Sosjaal Ekonomyske Ried, de SER. De beneaming troch de ministerried is jildich oant en mei 31 maart 2016. Neist Nijpels binne Nicolette van Gestel, Saskia Klosse en Fieke van der Lecq beneamd.

De SER bestiet foar twatredde part út leden fan de wurkjouwers- en meiwurkersorganisaasjes. De kroanleden moatte brêgen bouwe tusken de beide partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)