Alphenaren oppakt yn Ljouwert

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa 28-jierrige manlju út Alphen aan de Rijn oanholden yn de Kievitstrjitte yn Ljouwert. It twatal wurdt fertocht fan in ynbraak by in pompstasjon yn Dokkum. Nei in melding seach de plysje de flechtauto riden en joech in stopteken. De dieven naaiden út, mar de bestjoerder ferlear op de Kievitstrjitte de kontrôle oer it stjoer.
Doe't de manlju op 'e nij besochten út te naaien, waard ien fan beide pakt troch de plysjehûn. De oare Alphenaar joech himsels oer. De beide manlju sitte noch fêst.