Sliepmiddel stellen út tas
Op It Hearrenfean is in ampul Dormicum stellen. De plysje warskôget dat dit in sterk sliepmiddel is. Foar minsken mei hert- en longklachten kin it sels deadlik wêze. De ampul is stellen út in tas yn de omjouwing fan de Van Maasdijkstrjitte.