Nije back yn basis SC Cambuur

15 aug 2014 - 12:54

Vytautas Andriuskevicius, de nije linker ferdigener fan Cambuur, begjint sneon yn de basis yn de útwedstriid tsjin Vitesse. Vytas, sa as syn fuotbalnamme is, is topfit. Hy komt út de Sweedske kompetysje, dy't al 14 wedstriden ûnderweis is.

It basisplak fan Vytas giet ten koste fan Marlon Pereira. Fierder bliuwt de basis fan ferline wike yntakt. Dat betsjut dat Michiel Hemmen wer yn de spits stiet en dat Barthelomew Ogbeche op links spylje sil. Daniël de Ridder is goed op wei om fit te wurden. Narsingh syn herstel duorret noch in pear wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)