Nij sanitêrgebou yn Dokkum

© Gemeente Dongeradiel
Dokkum krijt in nij sanitêrgebou foar wetterrekreanten yn de Dokkumer Sluys. Op de earste ferdjipping wurdt boppedat in appartemint realisearre. De gemeente hopet mei de foarsjenning mear boatsjeminsken nei it sintrum ta te lûken. No hat Dokkum allinnch noch sanitêrgebouwen bûten it sintrum.
De nije sanitêre foarsjenning wurdt betelle út it projekt Súd Ie en Wetterfront Dokkum. It Waadfûns, It Fryske Marreprojekt, de gemeente en Wetterskip Fryslân stekke mei-inoar goed 19 miljoen euro yn it plan. It sanitêrgebou moat yn 2015 klear wêze.