Ynfloed boykot net dúdlik

14 aug 2014 - 21:24

De grutte ynvestearrings yn de suvel hoege net op 'e nij besjoen te wurden fanwege de Russyske boykot fan lânbouprodukten. De fraach nei suvel yn de wrâld nimt noch hieltyd ta. En Ruslân ymportearret dêr mar in lyts part fan. Dat seit wurdfierder René van Buitenen fan de Nederlandse Zuivel Organisatie, NZO.

De prizen fan ferskate suvelprodukten stean op dit stuit flink ûnder druk. Mar de ynfloed fan de boykot op de prizen is dreech fêst te stellen, seit Van Buitenen. Mei de polityk en de suvelsektor siket de NZO wol nei oare ôfsetkanalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)