Heak om Ljouwert goed op skema

14 aug 2014 - 17:24
  • Wurksumheden oan it akwadukt by Ritsumasyl
  • Wurksumheden oan it akwadukt by Ritsumasyl

It wurk oan de Heak om Ljouwert leit mei troch it moaie waar goed op skema. De ferwachting is dat de dyk yn desimber fan dit jier folslein iepensteld wurde kin foar it ferkear. Oer twa wiken wurdt it akwadukt by Ritsumasyl te plak set. Dat is in yngripende operaasje, dêr't 60.000 kúb wetter foar nedich is. As dat slagget, is it sa goed as wis dat de planning helle wurdt.

Yn it ramt fan it grutte projekt Leeuwarden Vrijbaan wurdt besocht de tagonklikens fan de stêd op ferskate plakken te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)