Frysk Mediafûns: 50.000 euro

14 aug 2014 - 16:26

Mediabedriuwen kinnne fan freed ôf wer in berop dwaan op it Frysk Mediafûns. Der is dit kear 50.000 euro beskikber. Fryske media kinne tenei earder yn oanmerking komme foar in bydrage. Se hoege net mear yn de hiele provinsje aktyf te wêzen, mar kinne ek in oanfraach yntsjinje as se boppe-lokaal wurkje. Mei dizze oanpassing komme deputearre steaten de lytsere media yn 'e mjitte.

It Frysk Mediafûns stimulearret de fernijing yn de profesjonele media. In part fan it jild is bedoeld foar ûndersykssjoernalistyk.

Fryske media kinne oanfragen yntsjinje oant healwei oktober. Meikoarten wurdt de 100.000 euro ferdield fan de earste ronde fan oanfragen fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)