'Mear omtinken berne-opfang'

It fallisemint fan berne-opfang Amarins is in grutte tsjinslach foar de lytse doarpen. Nei de winkels en de skoalle driget no ek de opfang foar de bern út de doarpen te ferdwinen.
In skande, seit Gjalt Jellesma fan Boink, de belangeferiening fan âlders yn de berne-opfang. De polityk - lanlik, regionaal en lokaal - moat neffens Jellesma mear omtinken jaan oan berne-opfang yn lytse doarpen. Sa moat de gemeente yn petear mei âlders om te sjen nei mooglike oplossings om de opfang iepen te hâlden. De provinsje moat de gemeenten dêrby helpe.