Rûzjend Ljouwerter trio fêst

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne woansdeitejûn trije minsken oppakt nei in rûzje yn de Robinsonstrjitte. It giet om twa manlju fan 21 en 56 en in frou fan 19 jier. De plysje waard oproppen foar fernielings oan in auto. Mar doe't de plysje te plak kaam, wie der in groep minsken dy't rûzje hie. Doe't de plysje de groep útelkoar helle, wienen der trije minsken dy't de plysje misledigen en bedrigen. Dit trijetal is meinaam nei it buro.