Trio yn Boelensloane oanholden

14 aug 2014 - 11:39

De plysje hat in de nacht van woansdei op tongersdei pepperspray brûkt by de arrestaasje fan trije fertochten yn Boelensloane. It trijetal besteande út in 33-jierrige frou út De Pein, in frou fan 36 út de gemeente Smellingerlân en in 23-jierrige man út Achtkarspelen, hie mei fjoerwurk smiten en wie op it dak fan in garaazje klommen.

Doe't de plysje it trio oppakke woe, kamen se yn ferset. De plysje moast dêrom pepperspray brûke. By de arrestaasjes soarge in oare man fan 52 jier út Achtkarspelen noch foar problemen. Ek hy is oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)