Militêr yn Feanwâlden oppakt

14 aug 2014 - 11:24

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in militêr oppakt yn Feanwâlden foar bedriging mei in fjoerwapen. De 30-jierrige fertochte ried yn syn auto op de dyk tusken Damwâld en Feanwâlden foar in auto mei twa oare manlju. De militêr trape hieltyd op de rem. Dêrnei stapte er út en soe it duo mei in fjoerwapen bedrige ha.

Op basis fan it sinjalemint koe de plysje de man oppakke. De plysje hat yn syn auto en hûs socht nei in fjoerwapen, mar neat fûn. Omdat de fertochte militêr is, is er oerdroegen oan de maresjesee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)