Drankrider tredde kear pakt

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei op de Archipelwei yn Ljouwert in 36-jierrige drankrider út Dongeradiel oanholden. De man is yn 2012 en 2013 foar itselde fergryp oanholden. De man krige in rydferbod en moat him foar de rjochter ferantwurdzje. Boppedat is er oanmeld foar in alkoholslot, dat twa jier yn syn auto sitte moat.