Auto útbaarnd yn Drachten

14 aug 2014 - 06:17
  • (fotofoarbyld)

Op de Melkkelder yn Drachten is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in auto folslein útbaarnd. Troch it fjoer binne ek twa airbags ûntploft. Nei alle gedachten is de brân oanstutsen. It is boppedat net de earste kear dat de brânwacht nei de Melkkelder ta moat foar in autobrân. Yn maaie waard hjir ek al in auto yn 'e brân stutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)