Nije ferdigener UNIS Flyers

14 aug 2014 - 05:55

IIshockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean hat de 24-jierrige Travis Bobbee fêstlein. De Kanadeeske ferdigener komt oer fan it universiteitsteam fan Manitoba en spile jierrenjang yn de WHL, it heechste jeugdnivo yn syn thúslân.

Mei Bobbee hat de iishockeyklup fan It Hearrenfean no trije ferdigeners út Kanada yn 'e hûs. Earder krige Andrew Krelove al kontraktferlinging en kaam ek Brandon Greenside nei de UNIS Flyers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)