Sam Larsson nei SC Hearrenfean

© awfoto.nl
Sportklup Hearrenfean hat der in nije oanfaller by. De Sweed Sam Larsson hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier mei in opsje foar in fiifde seizoen. De 21-jierrige oanfaller komt oer fan IFK Göteborg. Hy kin op links en rjochts út 'e fuotten.
Larsson wie yn Sweden noch gjin doelpuntemasine, mar dy potinsje hat er wol. De wedstriid fan freed tsjin Feyenoord komt noch te betiid foar Larsson. Nei it wykein komt er wer nei It Hearrenfean en dan sil er moandei offisjeel presintearre wurde.