Snoezelromte yn gebrûk naam

13 aug 2014 - 17:05
  • De snoezelromte in de Ronald McDonald Hoeve Beetstersweach

Yn Beetstersweach is woansdeitemiddei de nije snoezelromte fan de Ronald McDonald Hoeve offisjeel iepene. In snoezelromte is in spesjale romte dêr't bern ta rêst komme kinne. It giet dan om bern dy't hiel drok binne as gefolch fan in syktebyld. Yn de snoezelromte stiet ûnder oaren in wetterbêd en der is spesjale ferljochting oanbrocht. De fasiliteiten soargje foar in ûntspannen en kalmearjende sfear.

De snoezelromte hat sa'n 20.000 euro koste en is byelkoar brocht troch ferskate sponsoraksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)