Earbetoan ferdronken hynders

Presiis 35 jier lyn ferdronken op It Amelân acht hynders by it te wetter litten fan de Hollumer rêdingsboat. As earbetoan oan it drama sil tongersdei in krâns lein wurde by it grêf yn de dunen by Hollum. It ûngelok krige ynternasjonale oandacht yn 1979, om't it yn de tiid al unyk wie dat in rêdingsboat noch mei hynders te wetter litten waard. Sûnt 1988 is dat hielendal net mear it gefal.
De rêdingsboat waard yn 1979 alarmearre foar in Dútsk skip yn need. It stoarme en de boatwein glide fuort yn djip wetter en naam de acht hynders mei.