Kaai MFC Holwert oerhandige

It multyfunksjoneel sintrum yn Holwert is woansdei offisjeel oerdroegen oan it doarp. De gemeente Dongeradiel en de Stichting Multifunctionele Accommodatie Holwerd ha hjirfoar in oerienkomst ûndertekene. It multyfunksjoneel sintrum beskikt ûnder oare oer sealen foar it doarpshûs, in bar, in jongereinsintrum, in teaterseal, in pjutteboartersplak en fasiliteiten foar sportferienings.
De âlde sporthal stie op de nominaasje om ticht te gean yn ferbân mei de besunigings fan de gemeente. Fan de hal is in MFC makke foar it doarp en de regio.