25-kilometerauto op Ofslútdyk

13 aug 2014 - 13:01

In 84-jierrige man út Grins is tiisdeitejûn mei syn 25-kilometerauto fan de Ofslútdyk helle. De man ried mei de auto op de sneldyk nei Noard-Hollân, mar dat levere in soad gefaar op. In frachtweinbestjoerder koe de man noch mar krekt ûntwike. De plysje hat de man nei it fytspaad brocht. Dêr koe er fierder ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)