Frou ferrifelet ynbrekker
In bewenster fan De Meden yn Mantgum hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in ynbrekker mei ljedder en al omtreaun. De frou hearde krekt nei trije oere gestommel by har sliepkeamerraam. Se seach in man op in ljedder foar it rút stean. Se betocht har net en treau de ljedder werom. De ynbrekker naaide dêrnei út.
De plysje hat noch nei de man socht, mar koe him net fine.