Plysje dielt boetes út op A32
De plysje hat tiisdeitemiddei 28 automobilisten op 'e bon slingere by in snelheidskontrôle lâns de A32 by de Werpsterhoeke. De plysjekontrôle wie tusken trije en fiif oere middeis. Op de A32 wurdt op dit stuit wurke oan de dyk en de maksimumsnelhyd is dêrom 70 kilometer yn de oere. De meast hastige bestjoerder ried 116 kilometer yn de oere en krige dêrfoar in flinke bekeuring.