Grutte test brêge Fjouwerhûs

12 aug 2014 - 21:32

De provinsje, Rykswettersteat en de TU Delft brûke de brêge fan Fjouwerhûs takom wike yn in grutte proef. Se sille teste dan hoefolle belêsting de brêge hawwe kin. Mei sensoaren wurdt metten wat de maksimale draachkrêft is. Dizze ynformaasje wurdt brûkt om de feiligens fan brêgen yn Nederlân te ferbeterjen.

De brêge fan Fjouwerhûs wurdt nei de test fernijd. Dit renovaasjewurk wurdt yn twa parten útfierd, sadat de brêge ek mei de wurksumheden te brûken is foar ferkear. De oanlis fan de nije brêge duorret in jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)