F16's ûnderskeppe fleantúch

12 aug 2014 - 20:03
  • De F-16's op de fleanbasis Ljouwert

Twa F16's fan de fleanbasis fan Ljouwert binne tiisdeitejûn yn aksje kaam foar in ûnderskepping. In fleantúch boppe Noard-Hollân makke gjin kontakt mear mei de loftferkearslieding. De piloaten fan de F16's hawwe dêrom fisueel kontakt socht mei it fleantúch. Dat is wol slagge. It gie om in priveefleantúch dat ûnderweis wie nei Belfast.

Doe't ek it kontakt mei de de ferkearslieding wersteld wie, hawwe de F16's noch in skoft efter it fleantúch flein. Dêrnei binne se werom kaam nei de basis yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)