Boaten omslein troch hurde wyn

12 aug 2014 - 17:16

Twa Valk-sylboatsjes binne tiisdeitemiddei troch de hurde wyn yn de problemen kaam en omslein. It iene boatsje fan in sylskoalle út Broek sloech om op De Tynje by Grou. De brânwacht fan Grou en Akkrum is ynskeakele. De opfarrenden koene op it droege holpen wurde en de boat is troch meiwurkers fan de sylskoalle burgen.

Yn Nijhuzum is by it Brekkenpaad in Valk omslein. De brânwacht fan Koudum en Warkum is hjirfoar oproppen. Ek hjir wiene gjin persoanlike ûngelokken. De eigener hat it boatsje ophelle.

Trefwurden: 
Grou wyn sylboat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)