Hûn fersûpt yn Foudgumer Feart

12 aug 2014 - 16:10

De plysje is op syk nei de eigener fan in swarte hûn. It bist is fersûpt yn de Foudgumer Feart yn Boarnwert. De hûn hie stiennen oan de poaten bûn. Sa is er neffens de plysje de dea yn jage. In foarbygonger seach it bist yn it wetter lizzen.

De hûn liket op in bûvier, mar is net hielendal suver fan ras. It is in wyfke fan in jier as sân âld. De plysje wol graach witte fan wa't de hûn is, mar ek wa't ferantwurdlik is foar de dea fan it bist. Mooglik hat de hûn al inkele dagen yn it wetter lein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)