Lange wachtlist reklassearring

12 aug 2014 - 14:13
  • Justysje

De reklassearring yn Noard-Nederlân hat krekt as yn de rest fan it lân te krijen mei groeiende wurkdruk en langer wurdende wachtlisten. Dat seit direkteur Groeneveld fan de reklassearring hjir. It Noarden hat fan hiel Nederlân de langste wachtlisten foar de útfier fan wurkstraffen. Dat komt omdat hjir bot ynset wurdt op in rappe behanneling fan rjochtsaken. Dêrby wurde faak wurkstraffen oplein.

De reklassearring krijt yn it Noarden op dit stuit help fan âld-meiwurkers fan gefangenissen dy't tichtgien binne. It giet dan wol om in proef dy't nei alle gedachten gjin struktureel ferfolch krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)