Plysjeman troch rút treaun

12 aug 2014 - 10:26

In plysjeman is moandeitejûn troch in 45-jierrige Dokkumer troch in rút treaun. De plysjeman wie nei de wenning fan de Dokkumer kaam omdat de froulike bewenster om help frege hie. De manlike bewenner fan it hûs woe de plysje net binnen litte. Doe't se him oanhâlde woene, treau hy de plysjeman. Dy foel doe troch it rút.

De bewenner is meinaam nei it buro. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien nei wat him krekt ôfspile hat yn it hûs.

Trefwurden: 
plysje rút
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)