Gasten ferwûne troch ynslach

12 aug 2014 - 09:59
  • Tonger

Op fakânsjepark Klein Vaarwater op It Amelân is de wjerljocht ynslein by in caravan. In pear minsken dy't yn de caravan oanwêzich wiene, ha lytse brânwûnen oprûn. Se binne troch de eigener ûnderbrocht yn it rekreaasjeblok op de camping. Dêr ha se mei noch fjouwer oare kampearders de nacht trochbrocht. Troch de ynslach is der gjin stroom en gjin kabel-tv.

Op De Jouwer stie de Aldi supermerk fol wetter nei in fûle reinbui. De brânwacht hat tiisdeitemoarn it gebou wer droech makke. De winkel is wer iepen. De skea is minimaal.

Fierder lykje de gefolgen fan it needwaar dat moandeitenacht oer Fryslân luts ta te fallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)