Mooglik matchfixing tennisser

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea wurdt yn ferbân brocht mei matchfixing. Hy spile moandei op in toernooi yn Dútslân tsjin Boy Westerhof. Van der Duim hie de earste set ferlern mei 6-4 en stie 3-0 achter yn de twadde. Mar, Van der Duim wûn dy set mei 6-3 en ek de folgjende. Gokkers bin ferbjustere en stelle dat dit rûkt nei matchfixing. Van der Duim seit yn in reaksje by de NOS dat hy fan neat wit en net benadere is om de wedstriid opsetlik te winnen of ferliezen.