Sinkend skip op Riensleat
Op de Riensleat by Tsjerkgaast is moandeitejûn in sylskip yn de problemen rekke. It skip makke wetter. De brânwacht fan Langwar en De Lemmer hawwe it sinkende sylskip nei De Lemmer tasleept. Hoe't de problemen ûntstien binne, is net bekend.