Ferwûnen by ûngelok Ljouwert

11 aug 2014 - 18:14

Op de ôfrit Hemriksein by Ljouwert binne moandei oan 'e ein fan de middei twa auto's opelkoar botst. Der binne fjouwer minsken licht ferwûne rekke. It ûngelok gebeurde nei alle gedachten omdat in 32-jierrige automobilist út Snits gjin foarrang ferliende oan in 31-jierrige autobestjoerster út Ljouwert.

It ûngelok soarge foar in soad oerlest foar it ferkear, de Drachtsterwei stie hielendal fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)