Hast 100 deade einen Ljouwert

Deade ein troch botulisme © Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Yn Ljouwert wurde yn sleatten en kanalen noch altyd deade wetterfûgels oantroffen. Se binne deagong oan botulisme type C, sa hat bliken dien út ûndersyk fan Wetterskip Fryslân.
Sûnt it begjin fan de simmer hat de fûgelopfang Ljouwert al hast hûndert fûgels, benammen einen, dea út it wetter helle. Fûgels mei symptomen fan botulisme wurde troch frijwilligers ek út it wetter helle en nei De Fûgelhelling yn Oerterp brocht. Dêr wurde se trochspuite en fersoarge.