Tal libellen yn Fryslân groeit

11 aug 2014 - 16:58

Der lykje hieltyd mear libellen te kommen yn Fryslân. Der komme meardere soarten en der komme hieltyd mear fan de soarten dy't der al wiene. Neffens Peter de Boer fan de Fryske libelleferiening komt dat troch de klimaatferoaring en it suvere wetter yn Fryslân. De winters wurde hieltyd sêfter en de simmers krekt waarmer. Der binne yn Nederlân 70 soarten bekend, dêrfan libje der 60 yn Fryslân.

De Boer is dwaande mei in boek oer de ferskate libelsoarten.

Hjiryn stiet ûnder oaren de seldsume súdlike glêzebiter, de 'sinnebiter' yn. Dizze libel is mar fjouwer kear sjoen yn Nederlân. Yn septimber moat it boek klear wêze.

Trefwurden: 
boek libellen Peter de Boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)