Paulusma ferbout âld gebou

11 aug 2014 - 16:26

Nei jierrenlange leechstân is der lang om let wer in bewenner foar it statige grutte gebou oan it Franekereind yn Harns. Waarman Piet Paulusma kocht earder dit jier it hûs en sette útein mei in grutte restauraasjeklus.

Feriening Oud Harlingen is út de skroeven mei it inisjatyf. It gebou is byldbepalend foar de stêd en dêrom is it wichtich dat it goed ûnderhâlden wurdt. De feriening hopet dat mear minsken it foarbyld fan Paulusma folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)