Oanpak kaden om De Gaastmar

11 aug 2014 - 15:46

Wetterskip Fryslân is begûn mei de oanpak fan kaden yn de omjouwing fan De Gaastmar, Aldegea en Heech. In part fan de kearing foldocht net langer oan de nije easken en wurdt derom ferbettere. Yn totaal giet it om 27 kilometer oan kearings dy't ophege wurde.

Derneist wurdt der hast in hektare oan nije natuerfreonlike wâlkanten oanlein en komme der foarsjennings foar fiskers. It wetterskip warskôget dat de wurksumheden foar oerlêst soargje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)