Sintrum Feanwâlden oanpakt

Sintrum Feanwâlden oanpakt © Sietske Postma
It doarpssintrum fan Feanwâlden giet op de skeppe. Moandei is úteinset mei de werynrjochting fan De Haven. Hjirnei wurde ek de Haadstrjitte en omjouwing noch opknapt. Earder waard om dy reden de Hubo al sloopt. Yn it sintrum jildt aanst it prinsipe fan 'Dielde Romte'. Dit betsjut dat alle ferkearsdielnimmers gebrûk meitsje fan deselde dyk.
De werynrjochting makket diel út fan Feanwâlden Foarút, in projekt dat de leefberens yn it doarp ferbetterje moat.