Erwin Zwart yn Oranje

Erwin Zwart © awfoto.nl
Erwin Zwart, kuorballer fan LDODK, is troch bûnscoach Wim Scholtmeijer taheakke oan de seleksje fan Oranje. Zwart is de ferfanger fan Thomas Reijgersberg fan Fortuna Delft dy't ophâldt as international. De 23-jierrige Zwart, it ôfrûne sealseizoen yn de kuorbal league twadde op de topscorerslist, sil ynkoarten mei it Nederlânske seleksje begjinne oan de tarieding op it EK yn Portugal fan ein oktober.