Wurkpleats L'diel ferkocht

11 aug 2014 - 15:13

De gemeente Littenseradiel ferkeapet de gemeentewurkpleats yn Mantgum. De nije eigener is oannimmersbedriuw Klaversma fan Mantgum. Littenseradiel wurdt op 1 jannewaris 2018 opdield ûnder ferskate gemeenten. De wurkpleats is dan net mear nedich.

Oant 2018 kin de gemeente de grutte loads noch werom hiere fan de nije eigener. Fan 2018 ôf wol Klaversma him folslein fêstigje yn de wurkpleats.

De brânwachtkazerne sit ek op it terrein. Veiligheidsregio Fryslân makket ôfspraken mei de oannimmer oer in hieroerienkomst. De mêst fan Vodafone mei neffens it saneamde 'opstalrjocht' ek noch 11 jier op it terrein stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)