Skea troch ebolakrisis Afrika

11 aug 2014 - 12:08
  • It gebiet dêr't Greentec wurket
  • In trekker fan Greentec oan it wurk yn Afrika

It bedriuw Ufkes Greentec út Drachten rint tûzenen euro's mis troch de Ebolakrisis yn West-Afrika. Ufkes leveret trekkers en lânboumasines yn Sierra Leöane, mar troch it Ebolafirus leit it wurk dêr kompleet stil. De skea rint yn de tsientûzenen euro's yn 'e moanne.

Ufkes hat troch it jier hinne twa fêste Nederlânske meiwurkers yn Sierra Leöane, mar dy kinne dêr no net wêze. Neffens Piet Yntema fan Ufkes wurde dy pas nei it lân stjoerd as de situaasje ûnder kontrôle is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)