Fyts mei net mei yn bus Arriva

11 aug 2014 - 11:45

Reizgers mei it iepenbier ferfier op it trajekt Ljouwert-Starum kinne net de fyts meinimme. Der wurdt oan it spoar wurke en dêrom ride der bussen. En fytsen meie net mei de bus mei. Arriva hat hjiroer al meardere klachten binnen krigen.

De ferfiersmaatskippij erkent dat de kommunikaasje wat better kinnen hie. In soad minsken witte no net dat de fyts net meikin. In proef mei in fytskarre achter de bus sa't tusken Harns en Ljouwert wol dien is, krijt mooglik in ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)