Fertochte stellerij oanhâlden

11 aug 2014 - 10:00

In 40-jierrige man út Veldhoven is snein troch de plysje oanhâlden op fertinking fan stellerij. Hy soe sneintemiddei besocht ha om de wenning fan in âlder echtpear yn Appelskea binnen te kommen. Hy hie in pear froulju by him. Mei in ferhaaltsje besochten se it echtpear ôf te lieden, sadat in oar fan de groep it hûs trochsykje koe. It echtpear trape der net yn en belle fuortdaliks 112.

Se koenen in goeie beskriuwing jaan fan de persoanen en de auto. Op de Hoofdweg yn Smilde seach de plysje de auto riden en koe de bestjoerder oanhâlde.

De froulju wiene der net mear. De lêste tiid wurde yn Noard-Nederlân ferskate meldingen dien fan dizze wize fan stellerij. Dêrby wurdt hieltyd ek gebrûk makke fan deselde auto. De auto fan de man is yn beslach naam. De man sit noch fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
stellerij Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)