Man mei bestelbus fan de dyk

11 aug 2014 - 06:34

In 58-jierrige bestjoerder út Drachten is sneintejûn op de ôfrit fan de A7 fan Drachten nei It Hearrenfean mei syn bestelbus fan de dyk rekke. Hy rekke in lantearnepeal en sloech oer de kop. De man moast troch de brânwacht út de swier skansearre bus helle wurde.

Ut foarsoarch is de Drachtster nei it sikehûs brocht foar ûndersyk, mar dêr die bliken dat hy net ferwûne wie. De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok gebeure koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)