Van der Meulen wint yn Menaam

10 aug 2014 - 17:48

Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma hawwe snein de Gouden Willem keatspartij yn Menaam op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-0 te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.

De lytse preemje wie foar Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma, dy't yn de heale finale mei 5-2 en 6-2 ûnderút gongen tsjin Steenstra en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)