Van der Veen de bêste yn Baard

10 aug 2014 - 17:10

De haadklasse keatspartij yn Baard is snein in proai wurden foar it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. De trije froulju wienen yn de einstriid Sanne Velsma, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij mei 5-3 en 6-0 de baas.

De lytse preemje gong nei Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga, dy't yn de striid om de preemje of neat te sterk wienen foar Marije Hiemstra, Maaike Osinga en Margriet Bakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)