40 jier wille op Gouden Plakje

10 aug 2014 - 16:02

Adrie en Adriaan Harrewijn út Giessenburg komme al fjirtich jier op de Fryske kamping it 'Gouden Plakje' op De Gaastmar. Om dat bysûndere feit te fieren hawwe se de famylje útnoege om nei Fryslân te kommen.

Snein wienen sadwaande fjouwer generaasjes Harrewijn yn it fakânsjehûske oanwêzich. De bern en bernsbern komme ek geregeld nei De Gaastmar om dêr fakânsje te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)