Ferlinging Snitswike suksesfol

De ferlingde Snitswike wie in sukses foar de hoareka en ûndernimmers. Foar it earst dit jier wie der ek noch feest op freed en sneon mei muzykpoadia yn it sintrum. Dat soarge foar mear omset. Foar guon ûndernimmers wol oant 50 prosint.
It wykein nei de Snitswike wie oars ien fan de rêstichste wykeinen fan it jier. Al mei al kamen der 200 tûzen besikers op it evenemint ôf. Om't it moai waar wie, lei de omset oer de hiele wike 10 prosint heger as oare jierren. De ferlinging sil noch evaluerre wurde mei plysje, gemeente en brânwacht.