Ljouwerter mei falsk jild pakt

10 aug 2014 - 10:58

De plysje hat sneontemoarn in 64-jierrige Ljouwerter oanholden omdat er mei falsk jild betelle. By in tankstasjon yn Hilaard joech er briefke fan hûndert euro. Nei kontrôle die bliken dat it in falsk biljet wie. De meiwurker fan it tankstasjon warskôge de plysje. Dy hat de man oppakt. It jild is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)